Bettere promoasje Turfrûte

26 mrt 2007 - 22:52

De Turfrûte moat mear boatsjefarders lûke. Dêrom moat de Stifting De Nije Kompanjons profesjoneler wurkje. Dat docht bliken út in ûndersyk nei de toeristyske farrûte fan Appelskea nei De_Gordyk en It_Hearrenfean.

De belangstelling om de rûte te farren nimt ôf. Om wer mear boatsjeminsken nei Súdwest-Fryslân te krijen moat der in bettere promoasje komme en soe de rûte útdjippe wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)