Bettere oplieding callcenter

24 nov 2005 - 10:24

As de hegeskoallen fan Ljouwert deryn slagje har studinten better ta te rieden op in baan by in callcenter, dan smyt dat folle mear wurk op foar de stêd. Dy tasizzing die algemien direkteur Reintjes fan callcenter Cendris tiisdeitejûn by de iepening fan de twadde festiging yn Ljouwert.

De nije Cendrisfestiging sit oan de Lange Merkstrjitte yn it sintrum fan Ljouwert. Op dit stuit wurkje der achthûndert minsken by Cendris Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)