Bettere ôfspraken mei bewenners oer sloop hierhûs

17 mrt 2016 - 16:22
  • Hierhuzen fan Thús Wonen (stockshot)

Wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum hat mei hierdersferiening Bewonersraad Friesland ôfspraken makke foar minsken waans hierhûs sloopt wurdt. It is de bedoeling dat der goed harke wurdt nei wat de bewenners wolle.

Yn de ôfspraken binne boppedat ek saken fêstlein oer hoefolle oft minsken fergoede krije oan ferhúskosten en oer hiergewenning. Dat is it stadichoan oergean nei in hegere hier, as minsken weromferhúzje nei in better hûs yn de âlde wyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)