'Bettere kontrôle op hûnestront'

12 jun 2003 - 00:00

Ynwenners fan Snits dy't de hûn útlitte, moatte tenei better kontrolearre wurde. Dat is ien fan de maatregels dy't in spesjale wurkgroep fan riedsleden foarstelt.

Se ha in notysje skreaun, mei de titel 'Jij een hond, ik geen stront!'. Hûnestront is yn Snits in grut probleem. Yn Wymbritseradiel bestiet al in strange kontrôle, mar neffens guon gean de ynwenners fan dy gemeente no nei Snits om de hûn út te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)