Bettere beskerming kraanfûgel

16 des 2012 - 14:38

De kâns is grut dat de kraanfûgel in offisjele reade list soart wurdt yn Nederlân. Dat komt omdat de fûgel no lang genôch bret hat yn it Fochtelerfean. Dêr briede no alle jierren fjouwer oant fiif spantsjes. De nije status betsjut dat de kraanfûgels yn 'e takomst better beskerme wurde moatte tsjin fersteuring fan bygelyks fleanfjild Eelde of de nijbou fan Assen.

De gegevens dêr't de fûgels de nije status mei fertsjinje steane yn in boek oer it Fochtelerfean dat moandei ferskynt. Kraanfûgelsaakkundige Herman Feenstra is ien fan de auteurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)