Bettere administraasje grêven

02 apr 2009 - 13:37

De administraasje fan de grêven yn Dongeradiel moat better, fynt de gemeente. Dy wol sa better kontrolearje kinne oft der noch foar de grêven betelle wurdt. Sa net, dan krije belanghawwenden in jier de tiid om noch te beteljen. Dogge se dat net, dan wurde de grêven romme en dêrnei opnij brûkt.

De gemeente wol sa foarkomme dat begraafplakken te grut wurde en dêrtroch te djoer yn ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)