Better ûnderwiis foar mear wurk

24 jul 2006 - 13:54

De regio noardeast-Fryslân sil flink wat ekstra jild stekke yn it ûnderwiis. It offinsyf is neffens de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân, Dantumadiel en Dongeradiel nedich foar behâld en ûntwikkeling fan de wurkgelegenheid yn de streek.

De gemeenten ferwachtsje dat de ynvestearrings bedriuwen en ynwenners yn regio hâlde sille. De oansluting tusken ûnderwiis en bedriuwslibben moat ûnder oaren ferbettere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)