Better tinke om wat húsdier wol

14 mrt 2006 - 22:18

Hâlders fan húsdieren moatte harren better ynfomearje litte oer wat it bêste is foar it bist. Dat seit De Jong fan de oplieding Diermanagement oan it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert.

Eigners tinke net oan wat it bist sels wol. Se binne tefolle dwaande mei wat sy wolle fan it bist. Húsdieren binne iensum of wurde krekt ferpopke, krije net it goede iten of sitte yn in te lyts hokje. De befinings stean yn it tydskrift Wageningen Update.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)