Better As set him tenei yn foar doarpen oan Sintrale As

12 jan 2015 - 23:08

De stichting Better As hâldt op mei aksje fieren tsjin de Sintrale As, de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei. De stichting bliuwt wol bestean. Wat de stichting krekt dwaan sil, moat neffens foarsitter Frans Kuipers de kommende moannen betocht wurde. Wol is dúdlik dat it bestjoer him ynsette wol foar de doarpen dy't oan de Sintrale As komme te lizzen. Dat wurde stille doarpen. Kuipers tinkt dat winkels en oare bedriuwen skea fan de Sintrale As hawwe sille. Hy wol aksje fiere om de automobilisten safier te krijen dat se de doarpen opsykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)