'Better harkje nei boargers'

22 mrt 2007 - 13:00

Mear prate en better harkje nei wat ynwenners wolle. Dat is wat de gemeente Weststellingwerf wol. De nije oanpak stiet yn 'e nota 'It is nooit te goed, it kin altiet beter'. Doel is mear iepenheid nei de boargers.

By wichtige saken moatte boargers net inkeld achterôf, mar ek yn 't foar goede foarljochting krije. Troch de resultaten fan de nije oanpak te mjitten hopet de gemeente de tsjinstferliening heech te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)