Betrouwen yn Polderhoofdkanaal nimt ôf

20 des 2012 - 13:28
  • It Polderhoofdkanaal

De polityk yn Smellingerlân en Opsterlân ferliest it betrouwen yn de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. De ûntheffing foar de weriepening fan it kanaal is troch de rjochter fan tafel fage. Dy komt fan it ministearje fan ekonomyske saken

Ien fan de útsprutsen foarstanners fan de weriepening wie Opsterlâns Belang. Fraksjefoarsitter Sikke Marinus tinkt dat it hiel dreech wurdt om de plannen te realisearjen. Hy is benaud dat troch de fertraging miljoenen ekstra nedich binne en dy hat de gemeente net.

Marinus wol dat de wethâlder ek serieus sjocht nei de mooglikheid om de sitewaasje te litten sa't it no is. De slûs oan de súdkant fan Nij Beets is al iepengroeven en dêrtroch kinne boaten yn alle gefallen wol yn it doarp komme. Yn dat gefal soe de 6 miljoen euro dy't al útjûn is, net alhiel weismiten jild wêze, tinkt Marinus fan Opsterlâns Belang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)