Betrape ynbrekker byt eigener sloopbedriuw yn Ljouwert

11 apr 2015 - 12:04
  • Ynbraak

De eigener fan in sloopbedriuw yn Ljouwert is freedtejûn yn syn hân biten doe't er in ynbrekker oanhold. De man betrape de ynbrekker op syn terrein oan de Holstmeerwei. De warskôge plysje hat de ynbrekker meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset foar fierder ûndersyk.

It giet om in 28-jierrige ynwenner fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)