Betonwei offisjeel iepene

27 maaie 2004 - 00:00

Troch it nije flústerasfalt fan de Betonwei ride minsken gau te hurd. Dat sei plysjeman Frans Hoekstra woansdei by de iepening fan de nije dyk by de Harkema. Deputearre Baas iepene de dyk.

De Betonwei is foar tsien miljoen euro opknapt om de berikberheid fan de regio te ferbetterjen. Ek is de lûdsoerlêst en de feilichheid oanpakt. De plysje sil automobilisten op har snelheid kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)