Betonwei nij, ikebeammen dea

14 mrt 2006 - 17:56

De rekonstruksje fan de Betonwei tusken de Harkema en Boelensleane is min foar de ikebeammen. De woartels fan 96 fan de 193 iken hawwe te min suerstof krige en de beammen binne deagien.

Al foar de fernijing fan de wei die bliken dat in part fan de beammen net yn optimale kondysje wie. Mar troch it dempen fan wettergongen is it suerstofnivo yn 'e boaiem bot ôfnommen. De provinsje is fan plan nije beammen te plantsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)