Betonnen bak yn Heak by Wurdum

25 okt 2012 - 12:02
  • Heak
  • Heak
  • Heak
  • Heak

Tusken Wurdum en Wytgaard wurdt op it stuit hurd wurke oan it pleatsen fan in betonnen bak fan 2,2 miljoen kilo. Mei dy bak wurdt in tunnel ûnder it spoar makke wêrtroch't it autoferkear fan en nei Wurdum en Wytgaard ride kin as ûnderdiel fan de Heak om Ljouwert. De woansdeitenacht is it spoar midstwa slipe en tongersdei wurdt in grut gat makke dêr't de tunnelbak ynskood wurdt mei hydraulyske fizels. Dat duorret ûngefear 17 oeren en begjint tongersdeitenacht.

It karwei is bysûnder omdat der betiden wol sa'n 70 man oan it wurk binne op in lyts stikje terrein. Der is in plakje ynrjochte dêr't publyk it wurk folgje kin en kommende sneon is dêr ek nochris útlis by. Ien en oar wurdt dien yn opdracht fan Rykswettersteat en Prorail.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)