Beton út DDR foar Fryske silo's

25 nov 2003 - 00:00

Beton fan flats út it eardere DDR wurdt op 'e nij brûkt. Dam Beton yn Akkrum hat de betonplaten oerkomme litten en makket der silo's fan. Troch it brûken fan it twaddehâns materiaal binne de silo's in stik goedkeaper.

In soad huzen steane leech troch de grutte wurkleazens yn it eardere East- Dútslân. Nei it skjinmeitsjen binne de platen klear om ferkocht te wurden. In soad boeren ha ferlet fan it goedkeapere beton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)