Betizing oer ferleging opsinten

08 feb 2016 - 12:19

Der is betizing oer de ferleging fan de provinsjale opsinten dy't op 1 jannewaris yngean soe. Mei it nedige kabaal yntrodusearre it nije kolleezje fan deputearre steaten in ferleging fan hast 30% op de Fryske opsinten, dy't fia de wegebelesting ynbard wurde. It wie dan ek de ferkiezingsbelofte fan de grutte winner fan de provinsjale ferkiezingen: it CDA. 

No docht bliken dat dy ferleging lang net foar elk op 1 jannewaris yngean kin. Dat hinget nammentlik ôf fan de datum wêrop't in kenteken op namme setten is. 

Ekstra publisiteitskampanje

Yn alle gefallen sil de ferleging foar elk wol, yn dit earste fearnsjier yngean. It kolleezje hie him net realisearre dat it op dizze wize regele is en oerwaget noch in ekstra publisiteitskampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)