Betize sabeldrager oppakt

20 apr 2012 - 12:10
  • Drachten

Yn Drachten hat de plysje yn de nacht fan tongersdei op freed in 20-jierrige man oanhâlden foar it by him hawwen fan in tal messen. Tsjûgen hiene de man rinnen sjoen en de plysje warskôge. Doe't dy oankaam, waard de man sittend fûn op in stik gers. Nei ûndersyk die bliken dat de man yn it besit wie fan fjouwer messen wêrûnder in lyts sabel.

De Drachtster is oanhâlden. Op it plysjeburo waard in GGZ-arts oproppen, om't de man mei de holle op de rin like te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)