Betize Lemster makket brokken yn Grins

17 jun 2015 - 10:50

De plysje fan Grins hat tiisdei it rydbewiis fan in ynwenner fan De Lemmer ynnaam. Dat wie neidat de 75-jierrige man mei syn auto yn de fangrail bedarre wie. Neffens in tsjûge slingere de man dêrfoar bot en wiksele er hieltyd fan rydbaan. Ek hie er ferkearsboerd en lantearnepeal omfier riden. De auto rekke dêrby skansearre. Doe't de plysje de man oanhâlde, makke er in ferwarde yndruk. It CBR moat no beoardiele oft de man syn rydbewiis wer werom krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)