Betize frou oanholden

28 nov 2009 - 15:36

De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert it rydbewiis fan in Lemster (27) ynnommen, omdat se gefaarlik ried. De frou hie op de Coopmansstrjitte in oanriding feroarsake en prate mei de oare partij ôf om by it Kealledykje de skea ôf te hanneljen.

Se ried lykwols rjochting Cammingabuorren, hie gjin ferljochting oan en raasde lûd. Se naam in rotonde trije kear en bedarre doe yn it gers. De plysje wie al warskôge en dy hat de betize frou meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)