Betinkingsseremoanje foar piloat

24 des 2005 - 15:42

Op de Noardsee boppe Flylân is mei in bysûndere betinkingsseremoanje de delstoarte F16-piloat Fabrice Massaux betocht. Hy stoarte dêr begjin septimber del. Syn heit Daniël lei freed in krâns op it wetter.

Hy wie útnoege troch de rêders fan de KNRM, dy't dy dei ek meisocht ha nei it lichem fan Fabrice Massaux. Alle rêders fan doe wiene der no ek by, in pear kilometer boppe Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)