Betinkingskonsert yn Warkum

28 maaie 2010 - 20:58
  • Byld fan it betinkingskonsert yn Warkum (foto: Omrop Fryslân)

Hûnderten minsken binne ôfkaam op it konsert dat op fersyk fan de famylje Troelstra hâlden is yn it sintrum fan Warkum. De famylje hat yn desimber 2008 twa dochters Lisa en Julia ferlern by in brân. De Troelstra's koene mei in twilling ûntkomme.

Mei it konsert wolle se de Warkumers betankje foar alle stipe dy't se de ôfrûne tiid krigen ha. Ek wolle se stilstean by it weromkommen nei in nij hús yn Warkum. De populêre sjonger Jan Smit hat de jûn ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)