Betinking yn Driezum

27 feb 2002 - 00:00

Yn Driezum wie woansdei in betinking foar fjouwer soldaten dy't yn de oarloch omkommen binne. Sechstich jier lyn waard it fleantúch mei de Ingelsen delsketten. It foarfal libbet noch altyd by de Driezumers en dêrom wie der in offisjele betinking organisearre.

Trien Zwart en har dochter krigen in earemedalje foar it byhâlden fan de grêven. De mem fan frou Zwart begûn dermei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)