Betinking stjerdei Havank

23 jun 2007 - 16:17

Havankleafhawwers betinke sneon yn Ljouwert de stjerdei fan de Ljouwerter detectiveskriuwer. Havank, pseudonym fan skriuwer Henricus Fredericus van der Kallen, ferstoar op 22 juny 1964 yn de Fryske haadstêd. Havank wie lange tiid de bêstferkeapjende en meastlêzen skriuwer fan Nederlân. Miljoenen minsken hawwe syn boeken lêzen. Der wiene sneon yn Ljouwert tusken de tritich en fjirtich Havankfans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)