Betinking skriuwer Gerard Reve

17 aug 2014 - 13:09

Sawat 60 minsken hawwe yn Greonterp by de jierlikse betinking foar skriuwer Gerard Reve west. Earst waarden der blommen lein en kearsen oanstutsen by it Maria-alter yn de Sint Vitustsjerke yn Blauhús. As wolkom liede Hans Galema de klok yn Greonterp en Teigetje en Woelrat skonken reade wyn. Hjirnei wienen der ferskate foardrachten fan yndrukwekkende en humoristyske teksten en gedichten fan Reve.

Dichteres Neeltje Maria Min wie te gast en lies foar út Op Weg Naar Het Einde. Nei ôfrin wie der in neisit yn kafee De Freonskip fan Blauhús.

Organisator Hester Witteveen konkludearre nei ôfrin: "It is en bliuwt bysûnder, sa eigen en ek sa yntym. Takom jier organisearre we de achtste edysje, dat is wis."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)