Betinking op kariljon yn Snits

09 okt 2002 - 00:00

Yn Snits wurdt sneon op it kariljon in spesjaal betinkingskonsert hâlden foar prins Claus. Gemeentlik beiaardier Dirk S. Donker sil tusken trije en fjouwer oere sneontemiddei it kariljon fan de Martinitsjerke bespylje. It program is noch net bekend.

De stedsbeiaardier fan Dokkum woe ek in betinkingskonsert jaan, mar de gemeente Dongeradiel joech gjin tastimming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)