Betinking omkommen piloaten by monumint Soarremoarre

07 nov 2014 - 16:54

Skoalbern út Aldeboarn, leden fan it Komitee betinking Soarremoarre, de gemeente en in lid fan de Nij-Seelânske ambassade ha freedtemiddei krânsen lein by it oarlochsmonumint by Soarremoarre. Dat leit tusken Aldeboarn en Grou. Op dit plak binne op 7 novimber 1941 fiif alliearde piloaten mei harren Wellington bommewerper delstoarten en om it libben kaam.

De fiif piloaten binne yn Bergen op Zoom begroeven, mar yn 2010 is der by Soarremoarre in monumint pleatst.

De piloaten wurde no elts jier by it monumint betocht. De skoalbern neamden de nammen fan de piloaten en droegen gedichten foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)