Betinking Koarnwerdersân

05 maaie 2004 - 00:00

By Koarnwerdersân wie tiisdeitejûn in betinking. Ald-striders komme al jierren op de kop fan de Ofslútdyk by elkoar. Dêr hat it Nederlânske leger it langst ferset bean tsjin de Dútsers oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch.

Trije dagen lang waarden de besetters opkeard by de kazematten. Dat levere de Ofslútdyk de namme deadedaam op. Op 15 maaie 1940 kapitulearre it Nederlânske leger. Ek de stelling op Koarnwerdersân moast belies jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)