Betinking foar Fritz Korbach

15 aug 2011 - 11:52

Yn it Cambuurstadion yn Ljouwert is tongersdeitejûn fan sân oant njoggen oere in betinking foar Fritz Korbach. De famylje wol minsken de gelegenheid jaan om ôfskied te nimmen. De kiste mei de ferstoarne sil dêr dan ek stean. Freed is de kremaasje.

Korbach ferstoar snein oan in hertoanfal. De âld-trainer fan ûnder oare Cambuur, Hearrenfean en Harkemase Boys hie kielkanker. Hy wie in kleurryk en apart man. Korbach waard berne yn 1945.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)