Betinking fan D-day

07 jun 2009 - 16:29

It fersetsmuseum yn Ljouwert stie sneon wiidweidich stil by de 65e betinking fan D-day yn de Twadde Wrâldoarloch. Op 6 juny 1944 waarden de alliearden massaal by Normandië út de fleantugen dropt, om Europa te befrijen fan de Dútske besetting.

Besikers fan it museum koene meidwaan oan in kuiertocht troch de Joadske buert fan Ljouwert en der koene filmfragminten út de oarloch besjoen wurde. Ek fertelde in âldere Ljouwerter oer syn eigen ûnderfinings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)