Betinking Drachten: mear folk

08 apr 2013 - 16:53
  • Boargemaster Van Bekkum en skoalbern by de betinking

It wie net earder sa drok as moandei by de betinking fan de Joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch yn Drachten. Mear as sechtich minsken kamen op de betinking yn it Van Haersmapark ôf. Dit ta grutte bliidskip fan organisator Hotze Rusticus.

Alle jierren wurdt begjin april stil stien by de fjirtjin Joadske slachtoffers fan de holocaust út Smellingerlân. De betinking waard moandei ûnder oare bywenne troch skoalbern en troch boargemaster Van Bekkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)