Betinking De Jouwer ûnwis

27 jan 2011 - 19:52

De Stifting Nasjonale Betinking De Jouwer oerwaget om ûnder oare op te hâlden mei de 4 maaie betinking. De stifting seit mear jild nedich te hawwen foar de organisaasje, omdat alles djoerder wurdt. It bestjoer hat dêrom oan de gemeente Skarsterlân frege om de strukturele fergoeding fan goed 2400 euro te ferheegjen nei 3000 euro, mar dy wol dat net.

Neffens de gemeente is de bydrage fan no genôch foar in kwalitatyf goeie betinking en in passend konsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)