Betinking De Jouwer oar plak

04 maaie 2011 - 15:14
  • De betinking is dit jier yn de tún fan it gemeentehûs

De jierlikse betinking fan de oarlochsslachtoffers op De Jouwer giet dit jier wol troch, mar wol op in oar plak. De organisaasje koe it earder dit jier net iens wurde oer in ferheging fan de subsydzje en drige it evenemint ôf te sizzen.

Oant ferline wike wie der noch ûndúdlikheid oer de finansiering, mar mei in garantstelling fan de stichting Fryslân 40-45 kin de betinking dochs trochgean. Net by de Jouster Toer, mar yn it park by it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)