Betingsten foar nij Thialf

08 jul 2010 - 10:11
  • Foto's: Omrop Fryslân

De provinsje betellet inkeld mei oan in nij Thialf op It Hearrenfean as it Ryk en reedrydbûn KNSB earst mei jild komme. Alle mooglikheden moatte earst útwurke en trochrekkene wurde.

Oft der nijbou of renovaasje komt, is de provinsje op dit stuit likefolle. Undersyk moat dúdlik meitsje wat de bêste opsje is. Foar de provinsje is it wichtich dat Thialf konkurrearje kin mei banen yn it bûtenlân. Tocht wurdt dan benammen oan de organisaasje fan grutte toernoaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)