Betiizjende poster Caravana

25 jan 2007 - 14:17

De reklameposters foar de beurs Caravana yn it WTC-Expo yn Ljouwert soargje foar betizing. Op de posters stiet in ferkearsboerd mei in pylk der op. In soad besikers fan de beurs tinke dat de pylk ferwiist nei it WTC-Expo. Dat is lykwols net it gefal.

Om fierdere betizing foar te kommen wurde de pylken op de 100 posters dy't yn Ljouwert hingje ôfplakt. Bûten Ljouwert wurdt dat net dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)