Betheltsjerke wurdt grutter

03 aug 2008 - 12:26
  • Utwreiding  tsjerke fan ds. Bottenbleij

De Bethelgemeente yn Drachten krijt fan de gemeente Smellingerlân tastimming om in loads te ferbouwen. De tsjerkemienskip hat ferlet fan ekstra romte foar berne-opfang en om te oefenjen foar muzyk-optredens by de tsjinsten. It giet om sân lokalen. Dy binne al oanlein, sûnder fergunning. Dy fergunning is der yntusken wol.

Omdat de ferbou fan de loads neffens it bestemmingsplan net mei, krijt de Betheltsjerke dêr frijstelling fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)