Betheltsjerke wurdt grutter

08 sep 2002 - 00:00

De Betheltsjerke yn Drachten sil útwreidzje. De gemeente Smellingerlân past it bestemmingsplan dêrta oan. It twa jier âlde gebou is no al te lyts. De frije baptistemienskip Drachten is de rapst groeiende tsjerke yn Nederlân.

De garaazje njonken de tsjerke komt frij en dy wurdt dêrby lutsen. Dan is der plak foar 2000 minsken. De tsjerke ferwachtet skielk noch folle mear tarin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)