Betheltsjerke wol nei oar plak

14 apr 2004 - 00:00

De baptistegemeente Bethel yn Drachten tinkt deroer om op termyn in nije tsjerke mei 3000 sitplakken te bouwen of te keapjen. Dat is nedich om de tastream fan nije gemeenteleden oan te kinnen.

Ek wurdt der oan tocht om net allinnich op snein, mar ek op sneon tsjinsten te hâlden. Tiisdei hat de tsjerklike gemeente besletten om de hjoeddeistige tsjerke út te wreidzjen. De hal njonken de tsjerke wurdt omboud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)