Betheltsjerke ferkeapet dong

22 feb 2005 - 10:08

De Drachtster Betheltsjerke hat in nuvere manier fûn om oan ekstra jild te kommen. De baptistegemeente is úteinset mei de ferkeap fan dong. Under it biedwurd: "bethelmest het best" wurde gemeenteleden en besikers oproppen om it túnsintrum links lizze te litten.

De dong wurdt oanlevere troch in grutte pikeboer dy't ek lid is fan de gemeente. Nei it ôflûken fan de kosten foar de pikeboer giet de opbringst nei de algemiene kas fan de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)