Bethel: wachtsje mei útwreiding

22 apr 2004 - 00:00

De Betheltsjerke yn Drachten kin foarearst net útein sette mei de bou fan in nije útwrieding. Dat komt omdat de gemeente Smellingerlân net meiwurkje wol oan in fersnelde proseduere foar in boufergunning. De tsjerke hat de gemeente frege om in fergunning ûnder in artikel foar tydlike boulokaasjes.

Mar neffens de gemeente moat de tsjerke de gewoane proseduere folgje. Dy nimt tusken de 6 en 9 moanne yn beslach. De tsjerke beriedt him no op de situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)