BeterBezigHuis yn Natuermuseum

12 okt 2012 - 15:30
  • BeterBezigHuis
  • BeterBezig
  • BeterBezigHuis

Yn it Ljouwerter Natuurmuseum Fryslân is freedtemiddei it BeterBezigHuis iepene, in ynteraktyf barren foar bern oer duorsumes. Ferline jier luts in fergelykber evenimint 15.000 besikers en ditkear hopet it museum nei de hjerstfakânsje wer by de top fiif fan lanlike museumattraksjes te hearren. Moandei giet it iepen foar it grutte publyk. Bern kinne der boartsje troch sels ôffal te skieden, oan de slachte gean mei duorsume enerzjy en proefkes te dwaan yn it saneamde WaterWonderLab.

De iepening barde troch deputearre Hans Konst, wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert en Ab van der Ham fan de stifting Fryslân Unlimited.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)