Betelle soarchferlof by banken

04 jul 2000 - 10:06

Bankpersoniel hat tenei rjocht op betelle soarchferlof. Dat is ien fan 'e ûnderdielen fan 'e nije CAO. De oerienkomst jildt foar de lytsere banken, ûnder oare foar de Fryslân Bank.

Fierders meie meiwurkers fan 58 jier en âlder wyks fjouwer oeren koarter wurkje en giet it lean mei 4 prosint omheech. 12.000 Bankemployees yn hiel Nederlân falle ûnder de nije regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)