Betelje mei falsk 5 eurobiljet

28 feb 2012 - 11:19

De plysje hat moandei yn in supermerk oan de Passage op It Hearrenfean in 57-jierrige man út dat plak oanholden omdat er mei falsk jild betelle. De fertochte woe by de kassa boadskippen ôfrekkenje mei in falsk briefke fan 5 euro.

De kasjere hie dat yn de gaten en warskôge de plysje. Dy hat de man meinaam nei it buro. Hy hat proses-ferbaal krigen. It falsk jild is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)