Betelje foar kresnamme Pluk

08 feb 2007 - 13:34

De SKL betellet de erven fan Annie_MG_Schmidt 350 euro foar alle berneopfangplakken yn Ljouwert dy't in namme hawwe dy't de skriuwster betocht hat.

Pjutteboartersplakken en kressen mei nammen as Dikkertje_Dap, Pluk, Minoes of Abeltje kinne kieze: se betelje om de namme te hâlden of se betinke in nije namme. Guon ynstellings wolle net betelje. Dy yn Ljouwert is wol ree om der jild foar op it kleed te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)