Betelgeuze fallyt

13 aug 2006 - 12:00

Betelgeuze út Ljouwert kin net mear rêden wurde. Bewâldfierder Geense hat freed it fallisemint oanfrege. It bedriuw, mei 46 meiwurkers, makke foaral tsiismasjines en yndustriële skjinmakmasjines.

Der wurdt noch socht nei kandidaten dy't it wurk oernimme wolle. Buurman Tetra Pak Tebel, ien fan 'e grutste opdrachtjouwers fan Betelgeuze, kin dêryn in rol spylje. Wierskynlik wurdt moandei it fallisemint útsprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)