Besykjen ta deaslach yn Snits

13 jan 2012 - 10:01

    Yn Snits is in man oppakt, omdat er in oarenien mei in stien bekûgele hat en mei in auto op him besocht hat yn te riden. De twa hienen yn in hûs oan de Pier Heemstrastrjitte spul krigen.

    De fertochte wie sa lilk wurden, dat er fuortrûn en bûtendoar in stien troch in rút smiet. Dy rekke it slachtoffer. Doe't dy nei bûten gie, wie de oare man yn 'e auto stapt. Hy ried hurd op it slachtoffer ôf. Dy koe krekt oan de kant springe. De fertochte ried doe dwers troch in sket, wêrtroch't de gevel fan it hûs en in fyts skea oprûnen. De man hat him letter sels by de plysje melden.

    It slachtoffer moast nei it sikenhûs, omdat er troch it barren net goed wurden wie.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)