"Besykje it ris mei in frou, it foardiel is dúdlik"

08 feb 2016 - 18:11

It is goed dat minister Bussemaker de webside navigerennaardetop.nl lansearre hat om froulju oan topfunksjes te helpen. Dat seit adviseur Nyske van der Feen, fan it Frysk Sosjaal Planburo. Op dit stuit spilet it 'old boys network' noch in grutte rol yn it ferdielen fan de topfunksjes, seit se. "En omdat dy 'ald boys' meast mannen binne, hâldt dat himsels yn stân." It kabinet wol graach dat 30 persint fan de topfunksjes troch in frou ynfolle wurdt, mar dêr binne we noch lang net, seit frou Van der Feen.

Mar 30 prosint froulju oan de top

"Yn de non-profitsektor falt it ta, bygelyks yn it sosjaal wurk en de soarch, dêr leit it tal topfroulju al jierren om de 30 persint hinne, mar by de grutte bedriuwen is it noch hieltyd in probleem", seit Van der Feen.

Ferlechjes

Neffens frou Van der Feen binne in soad bedriuwen wol fan goede wil. "Se wolle wol. Mar der binne in soad smoesjes fansels. Bedriuwen sizze dat se gjin betûfte froulju fine kinne, wylst de froulju sizze dat se net witte dat der in fakatuere is. Dat probleem is bot op ynset, en de webside kin dêr grif by helpe. Dy smoes kinne minsken no net mear brûke."

"Wy binne der noch net"

Emansipaasje is in stadich proses, seit frou Van der Feen. "Minsken hâlde net fan feroaring. It giet hieltyd better. Mar we binne der noch net. It is hiel sichtber dat froulju noch lang net op alle plakken fertsjintwurdige binne. It is pas klear as we it der net mear oer hawwe."

Net skruten wêze

"Beide kanten moatte aktyf sykje. De froulju moatte der op ôf. Wês net skruten. Wês net bang. En de bedriuwen moatte ek om har hinne sjen. Besykje it ris mei in frou. Sykje ris op sa'n site, oft der ien te finen is. En doar it oan!"

Mear winst

It foardiel foar de bedriuwen is dúdlik, neffens frou Van der Feen. "Bedriuwen mei in mingde gearstalling fan de top helje bettere resultaten en mear winst. En se kinne effisjinter wurkje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)