Beswieren weryndieling B'him

20 mrt 2012 - 16:45
  • De Alde Feanen

Tsjin de weryndieling fan Boarnsterhim binne tsien beswieren yntsjinne. Boarnsterhim komt twa fan de tsien beswiermakkers yn 'e mjitte dy't it net iens binne mei hoe't de grinzen lutsen binne.

De âlde slús yn it Prinses Margrietkanaal by Terherne giet lykas it doarp sels nei Skarsterlân. Trije famyljes dy't oan de Hegedyk by Raerd wenje, wolle mei it doarp mei nei Súdwest-Fryslân en net nei Ljouwert. De oare beswieren geane ûnder mear oer de Alde Feanen.

Smellingerlân fynt it spitich dat de gemeente net meiprate mocht oer it gebiet. It doarp Earnewâld en de gemeente Tytsjerksteradiel ha beswier oantekene omdat de Alde Feanen net by Ljouwert thúshearre soe mar by harren gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)