Beswieren tsjin Peijnenburg

18 maaie 2009 - 12:46
  • Utwreiding koekebakker ropt sân beswieren op

Sân buorlju fan koekefabryk Peijnenburg yn St. Jânsgea meitsje beswier tsjin de útwreiding fan it bedriuw. It fabryk oan de Streek moat twa kear sa grut wurde en hat in fergunning oanfrege om 1500 kante meter by te bouwen.

De beswiermakkers fine dat it bedriuw no al foar te folle ferkear, leven en oerlêst soarget. In groep omwenners hie alle ynwenners fan it doarp oproppen beswier te meitsjen. De gemeente besjocht de beswieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)