Beswieren It Noard ôfwiisd

08 apr 2010 - 10:39

In beswierkommisje yn Nijefurd hat de beswieren tsjin de bou fan 21 apparteminten oan It Noard yn Warkum ôfwiisd. Ien beswiermakker wie te let mei syn protest. In oaren ien twifelt deroan of der wol ferlet is fan de apparteminten en fynt dat syn privacy oantaaste wurdt.

Neffens de kommisje binne dy beswieren net terjochte. De gemeente naam earder it beslút om de apparteminten te bouwen, omdat de situaasje op it Noard no hiel rommelich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)